Woansdei 24 april kinne we wer los want dan begjint it competitie en ferdivedaasje keatsen wer! We begjinne om 19.30 oere. De sneons is it 27 april en ha wy ús earste keatspartij wer: de Lytse Fjouwere-keatspartij. It begjint om 11.00 oere, de ynlis is €3,- en opjaan kin o/m 25 april 19.00 oere fia de mail: kf-itens@live.nl of by ien fan it bestjoer.

Fanôf 14.00 oere kin der ek Jeu de Boule spile wurde op de Jeu de Boule baan op it keatsfjild, opjaan is net nedich en meidwaan is fergees.