Kaartklup “ De Fjouwerkaart”

Op freed 13 septimber 2019 gean we wer los mei it nije kaart seizoen.

Ek dit kear begjinne we mei priiskaarten.

Elkenien is tige wolkom en kin ek lid wurde fan de kaartklup.

De kontribúsje foar it seizoen 20192020 is € 15,00.

Der binne 7 priiskaartjûnen, wêrop elkenien wolkom is, dus ek net leden.

De ynlis foar de priiskaartjûnen is € 3.50.

Op 27 septimber begjint de kompetysje, we begjinne dan om 20.00 oere mei in koarte ledefergadering en rûn 20.30 oere gean we los mei it kaarten.

Aginda ledefergadering 27 septimber 2019:

1. Iepening

2. Jierferslach

3. Finansjeel ferslach

4. Meidielings

5. Rûnfraach

6. Slot en los mei it kaarten

Data kaartjûnen seizoen 2019/2020

    1. Oanfang: : 20:00 uur

Plak : kafee “De Lytse Fjouwere” te Itens

13 septimber 2019 : Priiskaarten foar elkenien

27 septimber : Kompetysjekaarten / Ledefergadering

11 oktober : Kompetysjekaarten

25 oktober : Priiskaarten foar elkenien

8 novimber : Maatklaverjassen foar elkenien

22 novimber : Kompetysjekaarten

6 desimber : Sinteklazepriiskaarten foar elkenien

20 desimber : Kompetysjekaarten

3 jannewaris 2020 : Priiskaarten foar elkenien

17 jannewaris : Kompetysjekaarten

31 jannewaris : Kompetysjekaarten

14 febrewaris : De Lies partij (foar leden)

28 febrewaris : Kompetysjekaarten

13 maart : Maatklaverjassen foar elkenien

27 maart : Ynheljûn

10 april : Priiskaarten foar elkenien / Slotjûn

27 april : Keningskaarten (middei’s)

We hoopje wer op in gesellich en spannend seizoen!!!

It bestjoer: Willem Tjerkstra

Jan Leijenaar

Immie Kamstra