Foarich jier hat dizze kollekte net plakfine kinnen, mar dit jier komme Gretha Boonstra, Johanna Bouma en ikself wer by jim lâns.
Jim kinne op twa manieren in bydrage jaan, kontant jild yn de bus of de QR koade scanne dy’t op de bus stiet.
Binne jim net thús, dan leit der in kaartsje yn”e brievenbus mei de QR koade der op, op dy wize kin der ek doneard wurde.
Sa hoopje we wer in moai bedrach byelkoar te krijen, dat benammen brûkt wurde sil foar ûndersyk, om sa de bron fan epilepsie goed yn byld krije te kinnen. Mei dêrtroch wurdt de oarsaak earder fûn en kin der suksesfollere behannelingen starten wurde.

Wy rinne yn Itens, mochten der yn de oare doarpen minsken wêze dy’t takom jier ek foar dit doel kollektearje wolle, dan kinne dy dat oan my trochjaan.
Alfêst tige tank!

Agatha Flier
0618489517/agathakflier@gmail.com