Wat in bysûndere oanrin nei de Krystdagen dit jier.

Op 21 desimber wie der middeis earst in konsert fan koar “Sjong”fan Wommels e.o. Dat fûn plak yn de ferboude Mennistetsjerke “it Mienskipshûs”.
Wat in waarm wolkom al by de yngong en yn de sfearfol oanklaaide tsjerke.
En wat in minsken, in folle tsjerke. Dat ynspirearre, de kryst- en oare moaie lieten klonken prachtich, wat in geweldige akoestiek hat dit gebou.
Der waard by guon lieten ek folop meisongen. Nei ôfrin wie der sûkelademolke of glüwein en in stikje krystbôle. Sa gong elk mei in waarm gefoel nei hûs of …. nei it doarpshûs.

It spesjale Iepen Kafeewie al dwaande, de kaarters en biljerters spilen harren potsjes. Oaren sieten al gesellich byelkoar mei in drankje wat by te praten.
Stadichoan waard it foller en koe elk in plakje sykje oan de moai oanklaaide tafels. De bern meielkoar op it poadium, dy hienen harren ek al aardich fermakke mei it knutselspul en oare spultsjes.
Fred iepene it krystmiel mei in toast en it útlizzen fan de spulregels.
Nei elke gong krych elk in spylkaart en sa waard der hieltyd wiksele fan tafel. Neist it hearlike iten fan wol fiif gongen, wie dit in grut sukses. Der ûntstienen  geanimearde petearen en sa kamen minsken meielkoar yn’e kunde.
Elk gong ek hjir, sawol letterlik as figuerlik, foldien nei hûs, wat meie we wiis wêze mei minsken as Fred en Marja, dy’t dit fansels mei de oare frijwilligers, mooglik meitsje.

En dan….op Krystmoarnmei in groep fan sa’n achttjin doarpsgenoaten, yn alle leeftydsgroepen, krystferkes sjonge op ferskate plakken yn ús 4doarpen.
Moarns om 6 oere byelkoar komme by it doarpshûs, krystmûtsen op, ljochtsjes der by, yn in buske en auto, earst op nei Hinnaard, Lytsewierrum, Rien en Itens.
Hjir en dêr seagen we lampen brânen, gerdinen, doarren en ramen gongen iepen om yn de iere moarn genietsje te kinnen fan ús gesang.
In nije tradysje is grif berne, geandewei waard elk entûsjaster en gongen we better sjongen û.l.f. Sander Metz. Wat in spesjale ûnderlinge sfear joech dit.

De Krystdagen koenen sa net better begjinne mei in moarnsbrochje yn de ‘Lytse Fjouwere”, dit alles mooglik makke troch Doarpsbelang en it Stichtingsbestjoer, tige tank dêrfoar.

Mar….der moatte minsken wêze dy’t troch ien fonkje dit fjoer oanstutsen ha,
Anke Strikwerda en Roelie Zijlstra, troch jim entûsjasme is dit mooglik makke!

En sa ha we meielkoar sjen litten, wêr’t lytse doarpen grut yn wêze kinne!

In grutske ynwenner, Agatha Flier