Op sneon 23 desimber binne jim fanôf 16.30 oere wolkom yn “de Lytse Fjouwere” foar it Krystdiner.

We kinne maksimaal 60 gasten ûntfange, de earste oanmeldingen binne der al, dat fol is fol.

De kosten foar it 4 gongen diner binne €20,00 euro p.p. en foar bern fan de basisskoalle €10,00.

By it opjaan graach de kar fermelde: Foargerjocht hin of fisk, haadgerjocht hin of fleis, dan kin ús kok dêr op ynkeapje, tariede en klearmeitsje. Binne der fegetaryske of diëet winsken, dy ek graach trochjaan.

By kryst heart wat goud en glitter, dat werom komme litte yn jim outfit soe wol leuk wêze.

Litte we der meielkoar wer in gesellich feestje fan meitsje.

Opjaan kin oant uterlik 20 desimber fia delytsefjouwere@gmail.com

Team Iepen Kafee