Doarpsgenoaten,
We ferwolkomje jim graach yn “de Lytse Fjouwere” op ien fan de Krystdiners:
Foar sneon 17 desimber is it maksimale oantal dielnimmers 56 persoanen, útsein de bern fan de bassiskoalle.
De kosten foar it menu foar folwoeksenen is €20,00, foar de bern €10,00.
Opjaan hjirfoar uterlik 15 desimber by bouwejanhuisman@gmail.com /telefoannûmer 0641111094
Op tongersdei 22 desimber organisearje we in krystdiner foar de senioaren fan ús 4 doarpen.
Fanôf 16.00 oere binne jim wolkom.
Dit wurdt sponsore troch Doarpsbelang en it Stichtingbestjoer, wêrfoar tige tank! De eigen bydrage is €10,00.
Moai dat minsken harren al opjûn ha, mocht dit der noch net fan kommen wêze, opjaan kin noch oant 20 desimber by Bouwe Jan ( sjoch hjir boppen) of/en ek foar fragen by agathakflier@gmail.com /telefoannûmer 0618489517.
Lekker ite, in drankje der by, gesellich byprate en sa meielkoar genietsje yn krystsfear yn “de Lytse Fjouwere”!
Team fan it Iepen Kafee