Op sneon 21 desimber sil der in krystkonsert fan koar “Sjong” Wommels e.o. plak fine en wol yn it ferboude

“Mienskipshûs” te Itens. In moaie gelegenheid om ris te sjen hoe moai dit wurden is!

Yn dit koar sjonge ek inkele (âld) doarpsgenoaten mei. We bringe foar jim in gefarieard repertoire, fansels wat saneamde Christmas Carols, mar ek in  “In nije dei” fan “de Kast” stiet op ús repertoire.

Tusken troch kinne jim as publyk inkele lieten mei ús meisjonge.

We sette om 16.00 oere útein en nei ôfrin stiet der sûkelademolke of glüwein mei in stikje krystbôle foar jim klear.

 

Dat wês wolkom allegearre, it is tagelikertiid in moaie gelegenheid om yn de krystsfear te kommen foar

” it Iepen Kafee” yn “de Lytse Fjouwere”.

Oant 14 desimber kinne jim jim opjaan foar it krystmiel by bouwejanhuisman@gmail.com

Kerstconcert Sjong 21-12-2019

  1. Tolite Hostias
  2. Now all the woods are sleeping
  3. Homeless
  4. Tibie paiom
  5. Meezinger: Jingle bells frysk
  6. May it be
  7. What child is this
  8. Bethlehem morning
  9. I’m dreaming of a white christmas
  10. On a starlit night – met publiek
  11. Virgin Mary
  12. Nije dei
  13. Still a Bach Chritmas
  14. We wish you a merry Christmas – met publiek

In bysûnder programma sa yn ús fjouwer doarpen nei de Krystdagen ta!