Wat in  bysûndere erfaring, op Krystmoarn meielkoar sjonge op ferskate plakken yn ús 4 doarpen. Doe’t Anke my hjir foar frege, wie myn earste reaksje “6.00 oere moarns, wa sit dêr op te wachtsjen en dan moat ik wol hiel betiid fan’t bêd ôf”.
Ik bin nammentlik hielendal net opgroeid mei dizze tradysje, mar geandewei waard ik hieltyd entûsjaster. En wat leuk, yn de app dy’t Anke oanmakke hie, kamen hieltyd mear nammen by fan froulju en manlju út ús doarpen, in hiel mingd selsskip.

En sa sieten we moandeis foar kryst byelkoar by Sander en Thea Metz, earst noch wat ûnwennich, mar al gau gong it los ûnder  lieding fan Sander. Hy hie hjir yn dizze sa drokke tiid  dochs noch romte foar meitsje kinnen. Hy wit dan mei syn gitaar al hiel gau, letterlik en figuerlik, de júste toan te finen.
De soapies en alten hienen elkoar al gau fûn en Dick syn bas, kombinearre mei de alleskinner Sander, lieten de lieten hieltyd better klinke. “Wy kinne net sjonge hear”, wie it earst, mar dêr wie neat fan te hearren. Je kinne mear as je tinke.
Der ûntstie in sfear fan “we ha der sin oan!”

En sa sammelen we ús om 6.00 oere by it doarpshûs, mei ús tsienen yn it buske fan de famylje Witteveen, de oaren by Esther yn’e auto.
Earst op nei Hinnaard, sjonge by de klokkestoel, we seagen mienden we earne in ljocht opgean, it wie ek noch wol hiel betiid fansels, we waarden wat gibelich, mar Sander wie streng, it wie de bedoeling om in dreamerige sfear te krearjen.
Yn Lytsewierrum gongen der al wat mear ljochten oan en kaam Peter nei bûten om ús te betankjen.
As tredde doarp wie Rien oan bar, ha’t immen ús dêr heard? Wat is it bêste plak om te sjongen? We sille it grif letter hearre.
Wat giet de tiid gau foarby, as lêste op nei Itens. Earst sjonge op de Nijstêd, Sjoerd en Gretha komme der al gau op ôf en ek de famylje Kronemeijer wurdt wekker.
Dan nei de Hearedyk, Jan hie de wekker setten en ek de Strikwerda mannen stienen foar it rút, gau de klean oan en nei de nijbou ta. Broer wie ek al wekker en de Kamstra’s hienen it rút iepen litten om sa genietsje te kinnen fan ús gesang.

Wat wie it hearlik om sa tsjin achten yn in waarm doarpshûs te kommen, ferwolkomme te wurden troch de famylje Abels, dy’t in lekker moarnbrochje foar ús klearsetten hienen.

Ek de oanhang wie wolkom.
Dit alles wie mei mooglik makke troch de bestjoeren fan Doarpsbelang en it Doarpshûs, tige tank derfoar!
Mar sa’t Esther it sa moai ferwurde “je ha mar ien fonkje nedich om in fjoer te meitsjen”.
Dankewol Anke en Roelie foar it meitsjen fan dizze nije herinnering!

Takom jier mar wer! Dan geane der grif mear ruten iepen.

Ut namme fan de 1eKrystdeigroep,

Agatha Flier