Op sneintemiddei 16 febrewaris hâldt Tjeerd Dijkstra in
lêzing mei dia’s yn “De Lytse Fjouwere” oer de ûntwikkelingshelp
yn Nepal.
Tjeerd buorke earder op Meilahúzen en is no dosint en frijwilliger.
Hy wurdt regelmjittich troch it Ministerie fan Bûtenlanse saken
frege om syn kennis oer de landbou en mei namme de feehâlderij
te dielen mei de Nepaleese befolking.
Behalve oer syn wurksumheden sil er ek wat fertelle oer de kultuur
en befolking fan Nepal.
Ynrin yn ” De Lytse Fjouwere” is fanôf 15.00 oere Tjeerd begjint om 15.30 oere.
De yntree is gratis, in frijwillige bydrage foar Nepal is tige wolkom.