Martinikerk

Itenser Rûnte 2024 – 2025

Nei in skoft fan twifel oft wy de Itenser Rûnte yn 2024-2025 noch trochsette wolle, leit der no dochs in program. Der waard fan ferskillende kanten op oanstien om dit dochs trochgean te litten. It kin allinnich fierder as jimme der ek oan meiwurkje wolle. Wy hoopje dan ek dat der nije minsken by komme omdat guon fanwege leeftiid of ferstjerren der by wei fallen binne. Dus jou jimme gau op dan witte wy wêr’t wy oan ta binne.

  • 3 april
    Prof. Dr Hans Alma

    Vrede op aarde; theologie en ecologische vragen
    Dizze lêzing is op dit stuit noch net wis. As dy net troch giet komt der in oare lêzing.

    Of

    D. Willemsma

    Op syk nei it paradys tusken Eufraat en Tigris
    Mei bylden gean ik nei it gebiet oan de Eufraat dêr’t it paradys lein hawwe soe. Wy komme ek by Nimrod, dy’t yn Gen 10 út de neiteam fan Noach kommen is. Noach krige Sem, Cham en Jafet. Cham krige in soan Kûsj en dy hie in soan Nimrod. Oer dy Nimrod en syn neiteam sil ik wat fertelle en sjen litte, mar ek oer de godstsjinst fan syn folk.

Algemiene ynformaasje:
Elke jûn begjint om 20.00 oer en slút úterlik om 22.00 oere. It plak is de Martinitsjerke fan Itens, Tsjerkebuorren 1. Yn it skoft is der kofje of tee by de koster, dêr moatte jimme € 1,- foar betelje.

Opjaan graach sa gau mooglik troch € 35,- oer te meitsjen op NL80 INGB 0001 3945 07 op namme fan D.Willemsma (Itenser Rûnte). Graach namme, emailadres en telefoannûmer foar it gefal wy jimme berikke moatte mei feroaringen. Losse kaarten kostje € 10,-

Ynljochtings:

Douwe Willemsma, Van Sminialeane 3, 8731BC, Wommels.
Tel: 0515331744 of 06 49612274 of email: douwe.willemsma@hetnet.nl

Recente berichten

Oproep klokluiden voor ‘vergeten watersnood’ van 1825

januari 7, 2025|

Op zondagavond 2 februari om 20.00 uur zal de klok geluid worden van de kerk in Itens. Dit ter nagedachtenis aan de vergeten watersnoodramp van 1825, zie onderstaande info. In 2025 is het 200 jaar geleden dat tweederde van Friesland werd getroffen door een overstroming. Op zondagavond 2 februari, de vooravond van de ramp destijds, wordt de watersnood herdacht met het luiden van kerkklokken en klokkenstoelen. Net als in 1825 zullen er in het hele Friese overstromingsgebied klokken te horen zijn. Projectgroep ‘De vergeten watersnood van 1825’ roept kerken, beheerders en dorpsbelangen van harte op om mee te doen. Het klokluiden [...]

Tsjinst yn de Martinitsjerke

januari 24, 2024|

Oankommende snein 28 jannewaris is der om 10.00 oere in tsjerketsjinst yn de Martinitsjerke te Itens. Foargonger is Hessel Yntema. It tema is: De wrâld ús went Mei meiwurking fan de Itenser tsjerkesjongers en (as it slagget) binne der ek wer muzikanten. Jimme binne fan herte wolkom! Mei freonlike groetnis, Tsjerkerie Itens Hinnaard

Open monumentendag Itens

september 6, 2023|

Zaterdag 9 september doen de kerken in Itens mee met Open Monumentendag. Zowel de Martinikerk als de Fermanje zijn open. De Martinikerk van 10-15:30 uur en de Fermanje van 10-17:00 uur. Om 16:00 is er in de Fermanje een klein concertje voor orgel en dwarsfluit door Sebastiaan Schippers en Ilse Terpstra. Van harte welkom!

Ôfskie tjerkerie fan Itens-Hinnaard

september 9, 2022|

Graach wolle wy ôfskied nimme fan de âld tsjerkeriedsleden, Douwe Willemsma, Griet van der Brug en Popke Stegenga. Dit sil plakfine op snein 18 septimber fan 15.00 – 16.30 oere yn de Fermanje yn Itens. By dit ôfskied wolle wy se graach betankje foar harren jierrenlange ynset foar de tsjerke fan Itens-Hinnaard en wat sy, fan út de tsjerke, betsjutten hawwe foar de mienskip fan de doarpen. Elkenien út de Fjouwer doarpen is wolkom foar een hapke en in drankje dizze middei! Mei freonlike groetnis, Harrie, Sebastiaan, Johannes, Anke en Ans Tsjerkerie Itens-Hinnaard

Itenser rûnte Martinitsjerke

februari 25, 2022|

3 mrt 2022 20:00 uur - 22.00 uur                 Dr Ton de Kok De God van Spinoza, een God voor iedereen’          Ton de Kok hat net in koarte omskriuwing fan syn ûnderwerp tastjoerd omdat de titel wol himsels sprekt. Hy hat wol earder yn Itens west. As âld-marinier en âld Twadde Keamerlid is er letter mei in stúdzje filosofy begûn en joech er oant dit jier les yn godstsjinstfilosofy oan in lyceum yn Amsterdam.   Algemiene ynformaasje: Elke jûn begjint om 20.00 oere en slút om 22.00 oere. It plak is de Martinitsjerke [...]

Agenda

Blijft op de hoogte!

Schrijf je in voor de wekelijkse digitale nieuwsbrief.