Troch gearwurking tusken Nynke van Foeken út Lytsewierrum en Klaas Visbeek út Leons kinne tsjerketsjinsten fan Itens nochris belústere wurde.
Wy fine it moai dat der minsken binne dy’t dat foar ús regelje kinne en wolle.
Omdat net elkenien mear yn tsjerke komt en guon dochs wol witte wolle wat oft der plak fynt is dit in moai gelegenheid.
Troch koroana ha wy in hiel skoft gjin tsjinsten hân en it wie moai dat dat op 27 febr. wer koe.
Troch koroana fan de dûmny moasten wy it meielkoar oplosse.
Dat wie ek de earste tsjinst dy’t opslein is op de webside.
Hoe lang as in tsjinst wer te hearren is, wit ik net.Jimme kinne de tsjinsten fine op: https://de4doarpen.nl/martinikerk
Us tank giet út nei Nynke en Klaas!
De tsjerkerie fan Itens-Hinnaard