Meilahuzen

 

Wat mei ik dochs graach kuierje op it paad nei Meilahuzen.Yn elke tiid fan it jier is it hjir genietsjen fan it BijenFlinterLint mei de kleurige planten en blommen.No binne it benammen tuorrebouten en de sulveren glinsterjende reitplommen.

It is ek in moai paad om de hûnen út te litten en sa wie’k dêr ôfrûne sneontemoarn mei ús útfanhûshûn.

Foarby de bocht fan de pleats seach ik ynienen allegearre stokjes met readwite linten stean, hie Marten de Boer wer bysûndere planten op it each?

Tichterby kommend skrok ik, by elk stokje leinen hûnedrollen, guon al hielendal beskimmele.

Sels tusken twa stokjes yn lei in farske drol.

Ha je dan stront yn’e eagen? Marten en Ferry dogge der alles oan om it de hûneleafhawwers maklik te meitsjen mei bakken en skepkes.

Sa kin elk de pûdsjes der ûnderweis yngoaie en sy soargje dan dat de bakken wer lege wurde. Dy wurde  ek troch de measte minsken goed brûkt.

Dan soe dit dochs net noadich wêze moatte?

As hûneleafhawwers romje je dochs self de drollen op!

It kin je fansels in kear ûntkomme, my ek, mar litte we der meielkoar foar soargje dat it grien yn en om ús doarpen hjir frij bliuwt!

 

Agatha Flier