Mienskipshûs De Fermanje yn Itens
In koart stikje skiednis.
De Meniste Fermanje te Itens is boud yn 1864. Yn febr 1883 hienen op ien nei alle leden besletten in nije tsjerke te bouwen oan de Púndyk yn Itens. Op 23 okt 1864 wie de earste tsjinst yn de Fermanje. De gemeente bestie al folle langer. Yn 1551 waarden al minsken doopt yn it geheim om Kromwâl hinne want oant 1581 ta waarden de menisten ferfolge. Op Kromwâl is de earste tsjerke boud midden yn in sompich gebiet by de Britswerder Mar. Dat plak wie eins allinnich mei de boat te berikken. De tsjinsten waarden earst hâlden yn ien fan de twa wenningen op Kromwâl, bewenne troch fiskers mei de namme Visser. Yn 1839 is der in nije tsjerke op Kromwâl boud dêr’t de boutekening noch fan te finen is. Lang is dêr gjin gebrûk fan makke want op 2 okt 1864 waard dêr de lêste tsjinst hâlden.
De tsjintwurdige tsjerke leit wat ferskûle tusken de bijgebouwen, de kosterswenning en de konsistoarje. Sa is der foar de tsjerke in lyts pleintsje ûntstien dêr’t minsken by moai waar aanst wol in bakje kofje drinke kinne. It dak fan de tsjerke is bedutsen mei pannen en oan de foarkant sit in lytse koepelfoarmige dakruter. Oan de achterkant is de tsjerke trijehoekich ôfsletten. De preekstoel is mei rosetten ferankere yn de achtermuorre.
It ynterieur is fersjoen fan in tongewelf. Tusken de ruten binne pilasters te sjen mei stucwurk. Fierder sit der in preekstoel yn fan likernôch 1864. It earste oargel is makke troch de oargelbouwer Willem Hardorf, koste 325 gûne en is jûn troch Jacob Geldra. Nei 36 jier leverje Bakker en Timmenga it oargel dat der no sit foar f 1225,-; oant 1939 waard der pûstertrape en yn dat jier komt der in moter. Yn 2002 hat it oargel de lêste grutte beurt hân.
Yn 1965 wurdt besletten in nije pastory te bouwen achter de âlde; de âlde wurdt ôfbrutsen en op dat plak komt it hjoeddeistige parkearplak.
Yn 1922 is de gemeente fan Itens in fúzje oangien mei de gemeente fan Baard. Yn 1979 komt der in gearwurking mei Frjentsjer en Wytmarsum-Peinjum en wurdt de namme ‘De lytse streek’
Yn 2014 hat de Fermanje yn Itens syn 150 jierrich jubileum. Der is in moai boekje oer de skiednis fan de Fermanje útjûn dêr’t ik in part fan dit ferhaaltsje oan ûntliend ha. Yn 2016 hat de Herf Tsjerke fan Itens-Hinnaard de Fermanje kocht om dy foar Itens te behâlden; de Menisten fan De Lytse Streek de kâns te jaan dêr tsjinsten te hâlden en besykje om it gebou in funksje te jaan as Mienskipshûs foar de fjouwer doarpen. Yn 2019 is dy ferbouwing klear kommen en is der in lytse byb, in lyts museum en in romte foar koaren en oare aktiviteiten.
(ynformaasje oer de Fermanje is û.o te finen yn: ‘150 jier Minniste Fermanje Itens 1864-2014’; Kerkcollectie digitaal, museum Catharijneconvent (2016); ‘Doopsgezinden in Friesland 1530-1850’ (2016);
Itens, jann 2021 Douwe Willemsma
Recente berichten
Open monumentendag Itens
Zaterdag 9 september doen de kerken in Itens mee met Open Monumentendag. Zowel de Martinikerk als de Fermanje zijn open. De Martinikerk van 10-15:30 uur en de Fermanje van 10-17:00 uur. Om 16:00 is er in de Fermanje een klein concertje voor orgel en dwarsfluit door Sebastiaan Schippers en Ilse Terpstra. Van harte welkom!
Stabij on Tour
Freed 8 april yn de Fermanje yn Itens In fleurige fertoaning mei in Stabij yn ‘e haadrol Yn novimber ferskynde it keunst - en lêsboek STABIJ, mei koarte ferhalen fan Douwe Kootstra en tekeningen fan de keunstner Tjibbe Hooghiemstra.Tjibbe en Douwe hawwe no om it boek STABIJ hinne in koarte en boartlike ‘ fertoaning ’ makke: Douwe lêst koarte fragminten foar - Tjibbe fertelt oer it tekenjen fan bisten en alles wat dêrby sjen komt - tekener en skriuwer sille inoar ynterviewe - Liv, Tjibbe syn stabij, makket ek syn opwachting ûnder de kop: it bist yn de keunst - it [...]
Bibleteek Fermanje iepen
Oankommende sneon is it Mienskiphûs wer iepen, fan 14.00 oant 16.00 oere. Wy hawwe nijsgjirriche boeken te lien, fan berneboeken, oant Fryske boeken en spannende thrillers. Kom mar efkes del; boeken liene is fergees!
Bibleteek Mienskipshûs De Fermanje
De bibleteek yn de Fermanje giet iepen op sneon 2 oktober yn plak fan 11 september.