Op 30 maart spylje FARSK en Poppa Jay & the Holy Rollers yn muzykkafee Itens.

Poppa Jay & the Holy Rollers traapje de jûn ôf. Neat is heilich foar dit rocktrio út Drachten. Se bringe in hearlike show fol mei humor en foute teksten. In rauwe gitaar, in bulderjende bas en knallende drums. De perfecte ingrediënten foar in explosyf optreden dast net misse meist.

De band FARSK sil de jûn ôfslute en is ôfkomstich út de greidhoeke en Itens. Se spylje tiidleaze rocknûmers mei fryske teksten. It giet fan hurd nei sêft, fan lyts nei grut en fan bekinde nûmers nei “wêr kin ik dit ek mar wer fan?” In ferskaat oan muzykstilen dy fan akoestysk nei stevige rock gean wêrby de band FARSK mei in soad entûsjasme ynteraksje hat mei it publyk.