Nei twa Koroana jierren binne wy wer los!
Wy spylje dit jier it stik ‘In famyljesaak’ fan Alan Ayckbourn. Mei in nije regisseur en tal fan nije spilers út de Fjouwer doarpen.
‘In famyljesaak’ is een saneamd “morality play” oer hoe dreech it tsjintwurdich is om je morele waarden en noarmen oerein te hâlden. Jaap Sytsma, in o sa earlike en yntegere
sakeman, is krekt direkteur wurden fan it famyljebedriuw fan syn skoanheit, as hy d’r efter komt dat in grut part fan syn famylje dwaande is mei saken dy’t it deiljocht mar diels of hielendal net ferdrage kinne. Hy hiert in detective yn om de famylje geheimen te ûntraffeljen, mar wurdt geandewei meisleept yn in net kearen stream fan lytse misdragings oan’t swiere misdied.
17 & 18 maart yn de Lytse Fjouwere yn Itens, oanfang 20.00 oere
Mis it net!
Fragen oer de kaartsjes? Ynkoarten sil der ien fan de toanielferiening lâns de doar komme yn de Fjouwer doarpen mei de fraach of jimme ek kaartsjes keapje wolle.
Losse kaarten binne te keap oan de kassa op de jûnen fan de útfiering.