Ofsluting fan it yoga-seizoen 2018-2019

Op 23 april ha we meielkoar efkes werom sjoen op in bysûnder jier foar ús yogagroep.
Yn oktober wie de eksposysje “Passie verbindt” yn it Mienskipshûs.
Elk hat dêr har/syn passy sjen litte kinnen, in hiel gefarieard byld kaam dêr nei foaren. It mienskiplike keunstwurk fan filtlapkes hinget as oantinken yn “de Lytse Fjouwere”.

Yn desimber hat we in spesjale yogales hân yn it jurt fan stichting “Frijlân”. Hoe’t hjir wenne en wurke wurdt, is ús ferteld en ha we erfaren troch it ferhaal fan ien fan de bewensters. Elk kin dêr syn eigen dingen úthelje.

Ek tige nijsgjirrich wie de rûnlieding op 23 april, jûn troch in âld finzenisbewarder, yn de Blokhúspoarte.
Hy fertelde hoe’t ien en oar ferrûn yn de tiid dat it noch as finzenis funksjonearre. We ha de sellen besjoen en fielden de kilte en iensumens dy’t dêr fanút gong. Allerhande fragen kamen nei boppen en waarden beantwurde. It hat in soad jild kostte, mar wat is it moai dat dit prachtige gebou bewarre is en no tal fan funksjes hat, û.o. as bibliotheek, jeugdhostel en allerhande ateliers/winkeltsjes.
Ek de binnentún, oanlein troch Claudy Jongstra, ha we bewûndere.

En…je kinne der ek hearlik op it terras oan it wetter sitte en lekker ite yn it “Proefverlof”.
Sa ha we dit jier mei in goed gefoel ôfsluten, elkoar in goede simmer tawinskjend. Dêr krije we grif in soad nije enerzjy fan om op 17 septimber wer te begjinne te kinnen.

Johanna en Agatha