Op sneon 17 juny is it safier en meie wy tegearre mei Boazum it ‘Bring de Keatsers by it Keatsen’ organisearje. In hiele ear, want dit betekent dat foar it earst yn 101 jier in haadklasse party yn Itens keatst wurde mei!
Moarns begjinne de jeugd federaasje partijen om 9.00 oere mei yn Itens de welpen en pupillen en yn Boazum de skoaljeugd, jonges en famkes en de junioaren.
Fan 14.00 ôf oere begjint de haadklasse partij mei yn Itens de froulju en yn Boazum de manlju.
Dit organisearje wy graach foar en mei ús leden en derom docht it bestjoer een berop op frijwilligers. Graach heare wy of jimme sin ha om te helpen yn ien fan dizze funksjes:
Freed 16 juny: broadsjes smarre foar alle frijwilligers
Moarns by de jeugd: Skiedsrjochter (list by hâlde)
Middeis by de haadklasse: karmasters
Ballefangers
Chauffeur fan it pendelbuske
Parkeerregelaar
Dit kin foar de hiele of in diel fan de dei. Vele handen maken licht werk!
Graach oanmelde foar dizze unike dei foar moandei 12 juny by ien fan de bestjoersleden sadat we hjir in prachtige keatsdei fan meitsje kinne!
Groetnis,
Ut namme fan it bestjoer Kf Itens e.o.