Op 30 jannewaris (20.00 oere) komt rabbijn Awraham Shalom Soetendorp út Amsterdam nei Itens. Hy sil sprekke op in jûn fan de Itenser Rûnte yn de herfoarme tsjerke. It sil gean oer de aktuele situaasje in Israël en oer syn eigen libben yn en nei de oarloch. SOetendorp is berne yn 1943 en brocht syn earste jierren troch by in pleechgesin yn Amsterdam. Fan 1948 oant 1953 wenne er yn Israël. Fa 1968 oant 2008 wie Soetendorp rabbijn fan de Liberaal Joodse Gemeente yn Den Haach en wie hy president fan de Regio van de Wereld Unie van Progressief Jodendom en twadde foarsitter fan het Global Forum of Spiritual and Parliamentary Leaders.