Beste minsken,
Hawwe jimme ús oprop yn de nijste Diggelfjoer ek lêzen? Want juny 2022 bestiet Diggelfjoer 40 jier en dan soenen wy graach in feestje organisearje. In lyts feestje fanút Diggelfjoer, as miskien wol in grutter feestje as der mear minsken/klups meidogge. Want wy wolle mei ús fjouweren fanút de redaksje fan Diggelfjoer graach meidwaan, mar wolle net allinnich de karre lûke.
Der binne al in pear minsken/ferieningen dy’t harren by ús melde hawwe, mar wy hawwe ferlet fan mear minsken. Dus doarpsgenoaten/ferieningen….. meld jimme by ús fia de mail, as sykje ien fan ús op as jimme helpe wolle mei it organisearjen fan in feest july/augustus 2022.
Dan kinne wy mei-inoar sjen as it mooglik is om grut út te pakken of dat wy as redaksje it dochs by in beskieden feestje hâlde moatte.
Wy binne fan doel om ein maaie in earste gearkomste te plannen, dus wy hearre graach sa gau mooglik fan jimme.
Redaksje Diggelfjoer: Hans, Watse, Esther en Elisabeth