Freed 12 april is al wer de slotjûn fan it klaverjasseizoen, we geane de simmer wer temjitte.
It is priiskaarten foar elkenien en de ynlis is €5, mei moaie prizen.
Nei ôfrin fan de jûn wurde de prizen fan de kompetysje útrikt oan de 3 bêste spilers fan dit seizoen.
Der is noch wol keningskaarten op 27 april en feestkaarten op snein 14 july , mar de kompetysje begjint wer yn septimber.
Earst mar in noflike simmer tawinske en
TIGE WOLKOM op 12 april.
Bestjoer Kaartklup “De Fjouwerkaart”