WE MEIE WER IEPEN!!!!!

Sneon 20 juny fanôf 17.00 oere is it kafee iepen!!

Ek al is it kafee/doarpshûs simmers altyd ticht, yn dizze bysûndere tiid wolle we toch elkoar graach wer in kear moetsje kinne om eventueel in kaartsje te lizzen en/of in pypfol meielkoar te praten.

Fansels mei yn acht nimming fan de Corona rigels, dus it sil wol wat oars as oars wurde, mar mei elk syn/har meiwurking moat it slagje kinne.

We hoopje op in prachtige simmerjûn, mar we witte no noch net wat it waar docht.

Meielkoaar (binnen of bûten) kinne we maksimaal 30 persoanen ha, dus opjaan is beslist needsaaklik!!! Ek yn ferbân mei in (lyts) hapke iten.

Dit kin (mits der gjin Corona relatearre klachten binne) by Bouwe Jan: 06-41111094 of  bouwejanhuisman @gmail.com

Graach treffe we jim op sneon 20 juny, fanôf 17.00 oere!!
 

Bestjoer en frijwilligers fan “De Lytse Fjouwere”