Freed 8 april yn de Fermanje yn Itens
In fleurige fertoaning mei in Stabij yn ‘e haadrol
Yn novimber ferskynde it keunst – en lêsboek STABIJ, mei koarte ferhalen fan Douwe Kootstra en tekeningen fan de keunstner Tjibbe Hooghiemstra.Tjibbe en Douwe hawwe no om it boek STABIJ hinne in koarte en boartlike ‘ fertoaning ’ makke:
Douwe lêst koarte fragminten foar – Tjibbe fertelt oer it tekenjen fan bisten en alles wat dêrby sjen komt – tekener en skriuwer sille inoar ynterviewe – Liv, Tjibbe syn stabij, makket ek syn opwachting ûnder de kop: it bist yn de keunst – it dekôr bestiet út in miny-eksposysje fan in tal orizjinele tekeningen
-Kaarten kostje € 5,- it stik ynklusyf kofje/tee yn it skoft en binne te reservearjen fia elisabethgorter@hotmail.com
-De fertoaning begjint om 20.00 oere en duorret ûngefear 75 minuten
-De foarstelling is yn it Frysk
-Adres: De Fermanje, Hearedyk 31, 8735 HP Itens
-It kafee yn de Lytse Fjouwere is nei de fertoaning iepen foar in geselliche neisit