Fryske Boeken Sutelaksje: redaksje fan doarpskrante Diggelfjoer komt lâns!

Op freedtejûn 5 april komme de redaksjeleden fan Diggelfjoer lâns de doaren yn de Fjouwer doarpen mei in kroade fol Fryske boeken.

Om de drukkosten fan ús doarpskrante te bekostigjen ferkeapje wy dizze Fryske boeken. In diel fan de opbringst (25%) giet nei de Diggelfjoer.

Yn de folder, dy ’t kommende dagen yn de bus dien wurdt yn de Fjkouwer doarpen, kinne jimme alfêst sjen hokker boeken as yn de kroade sitte. Dizze boeken hawwe wy freedtejûn allegearre by ús. Dus sykje jimme noch in moai boek om sels te lêzen as om kado te dwaan? Jimme helpe ús hjirmei geweldich en hâlde der sels ek noch wat aardichs oan oer! Betelje mei kontant of fia in QR koade.

As der minsken bûten de Fjouwer doarpen binne dy’t ús ek graach stypje wolle troch it keapjen fan in boek? Nim kontakt op en wy regelje it! diggelfjoer@live.nl

Wy hoopje jim allegear thús te treffen freedtejûn 5 april tusken 18.00 en 21.00 oere.