Toanielferiening Nim it sa’t út Rien/Itens spilet ‘Wachtsje op leafde’.

Leafde….. it lit ús net los en we reitsje der wis noait oer útpraat.

Wachtsje op leafde is in tragikomeedzje dy’t  basearre is op de toanielstikken Reigen en Anatol fan Arthur Schnitzler. It spilet him ôf yn it jier 2020 en alle moetingen fine plak yn Heartbreak Hotel earne yn it noarden fan Nederlân. Gasten komme en gean en allegearre binne se op syk nei de leafde. Mar is leafde eat wat je krije of eat wat je jouwe? Dizze fraach hâldt alle personaazjes yn ‘Wachtsje op leafde’ dwaande, fan de âlde keunstner mei it syndroom fan Korsakov oant de jonge studinte dy’t wachtet op har fakânsjeleafde.

De bewurking en rezjy is fan Friek Kosse en de oerstetting is fan Janny Bouma.

6 en 7 maart, 20:00 oere Lytse Fjouwere, Itens

Yntree €7,50

7 maart nei ôfrin livemuziek fan Sander Metz