Toneelvereniging Nim it sa’t is
Waarom lid worden van onze vereniging:
Het is een oude friese traditie om in de wintermaanden samen een toneelstuk in te studeren. Zo blijft er binding in de dorpen bestaan.
Nim it sa’t is bestaat sinds 1923. Uitvoeringen zijn meestal in maart of april in het dorpshuis. En het is natuurlijk heel leuk om dorpsgenoten te zien in een andere rol.
Behalve donateur worden en de voorstelling zien kun je ook meespelen in grotere of kleinere rol, of meedoen met bijv de aankleding of decorbouw. Donateur worden kost maar 15 euro per jaar en dan krijg je ieder jaar 2 vrijkaarten voor de voorstelling.
Nim it sa ’t is – Toanielferiening Nim it sa ’t is, De Fjouwer Doarpen (nimitsaitis.nl)

Recente berichten
Generale repetysje en kaartferkeap ‘It bedimjen fan de njirre’
Tongersdei 21 maart is de generale repetysje, foar de skoalbern (groep 6 o/m 8) en de minsken, dy 't freed of sneon echt net kinne en it stik wol graach sjen wolle. Tagong foar de bern is €1,- en foar folwoeksenen € 10,00 (of mei in kaart fan de foarferkeap). De ynrin is tongersdei om 18.30 oere, 19.00 oere los. Der binne fierder noch in pear kaarten foar de útfiering fan freed en sneon. As der minsken binne, dy 't in kaart ha wolle, nim dan even kontakt op fia nimitsaitis@hotmail.com of freegje ien fan it bestjoer of spiler. De [...]
It bedimjen fan de njirre 22 & 23 maart – Nim it sa it is
“Gjin hoanne jout ta dat hy oait in aaike wie” Rolpatroanen en ferwachtings. Elkenien krijt der mei te meitsjen en giet der op syn of har eigen manier mei om. Sa ek Petruchio en Katharina. Petruchio gedraacht him as in ûnmooglike macho, want hy is bang om útlake te wurden as hy syn gefoelige kant sjen lit . Katharina protestearret mei alles wat sy yn har hat tsjin de ûndergeskikte rol dy har as frou oplein wurdt. As Petruchio en Katharina inoar moetsje, ûntbrânt der in fûle machtsstriid wêrby gjin fan twaen ek mar in tombreed tajout. Underwilens giet Bianca, [...]
Generale repetysje en kaartferkeap ‘In famyljesaak’
Tongersdei 16 maart is de generale repetysje, foar de skoalbern (groep 6 o/m 8) en de minsken, dy 't freed of sneon echt net kinne en it stik wol graach sjen wolle. Tagong foar de bern is €1,- en foar folwoeksenen € 7,50. De ynrin is dan om 18.30 oere, 19.00 oere los. Der binne fierder noch in pear kaarten foar de útfiering fan freed en sneon. As der minsken binne, dy 't in kaart ha wolle, nim dan even kontakt op mei Laura Margje Fopma, fia 06-29 04 88 29. De kaarten kostje €5,- it stik en oan de [...]
Nijs fan Nim it sa ’t is
Nei twa Koroana jierren binne wy wer los! Wy spylje dit jier it stik 'In famyljesaak' fan Alan Ayckbourn. Mei in nije regisseur en tal fan nije spilers út de Fjouwer doarpen. 'In famyljesaak' is een saneamd “morality play” oer hoe dreech it tsjintwurdich is om je morele waarden en noarmen oerein te hâlden. Jaap Sytsma, in o sa earlike en yntegere sakeman, is krekt direkteur wurden fan it famyljebedriuw fan syn skoanheit, as hy d’r efter komt dat in grut part fan syn famylje dwaande is mei saken dy’t it deiljocht mar diels of hielendal net ferdrage kinne. Hy [...]