Hilbrand Drost út Easterein is de winner wurden fan de klaverjaskompetysje 2018-2019.
Yn in moai seizoen wie hy mei 34873 punten (oer 7 wedstriden telt) de bêste. Noemer 2 wie Rein Strikwerda út Wommels mei 34657 punten en 3e wie Jan Kamstra út Itens mei34461 punten.

27 april (Keningsdei) middei’s om 14.00 oere is der foar elkenien wer klaverjassen. Dêrnei hâlde we simmerfakânsje en op 13 septimber geane we wer fan start mei in nij seizoen.

Oant sjen.