Bêste doarpsgenoaten,
It foarjier komt der oan en de winter is hast foarby.
Wy fan Iepen kafee fine it aardich om de winterperioade ôf te sluten troch mei inoar te genietsjen fan Fred syn ‘kookkunst’.
Wat wy ite is in ferrassing, mar jimme kinne fansels altyd in fersykje yntsjinje.
Wy wolle jimme graach útnûgje op freed 10 april yn it doarpshûs.
De doar is iepen om 16.30 oere en ûngefear 18 oere sille wy ite.
Kosten binne € 15 foar in 3 gangenmenu, bern fan de legere skoalle € 10
Opjaan foar 8 april bij fokjealtenburg@gmail.com of te.bosma@kpnmail.nl
Wy sjogge jimme graach op 10 april yn it doarpshûs.
Groetnis team Iepen kafee
Immie, Agatha, Sippy, Bouwe, Fred, Trees en Fokje