2026-09-09T00:00:00+02:00
Laden Evenementen

Op sneon 24 oktober om 20.00 oere om Itens fanút it doarpshûs.
Ferline jier in grut súkses, allinne dêr giet it net om, it giet om te genietsjen fan de stilte fan de nacht. Ynwenners fan de fjouwer doarpen kinne meirinne.

Tema: Giesto ek mei UT  – Ljocht en tsjuster –

Wa wit noch wat echte tsjuster is? Yn ús lân wurde steden, diken en in protte gebouwen ferljochte as de sinne ûnder is. Al dat ljocht jout miskien in gefoel fan feiligens, mar hat ek in oare kant: ljochtfersmoarging en enerzjy-ferspilling.

Minsk en bist hawwe it tsjuster nedich om út te rêsten en nije enerzjy op te dwaan.
Dêrom organisearret Iepen Kafee dit jier foar de twadde kear de Nacht fan de Nacht.
Op dizze jûn, rinne wy troch de greiden om it doarp Itens hinne mei it motto:
o‘Ljocht út, sintugen oan’.

Yn it tsjuster sykje wy ús paad en lústerje nei de lûden fan de nacht.
Hoe spannend is de natuer as it echt tsjuster is? Wat hearst? Wat risselt dêr? Wat fleach dêr fuort? Wurdt it grizelich of wurde wy betovere?
Bysûnder wurdt it yn elk gefal!
Ek hoopje wy dy nacht de stjerren te sjen.

Wy rinne as groep mei elkoar,  brûk gjin ljochtsje.
Dêr’t it nedich is, sille wy fan Iepen Café jimme by-skine.
Wy hoopje dat jimme allegearre goede skoan of learzens oan hawwe.
De tocht duorret sa’n twa oeren.

Underweis hâlde wy in koarte rêstpauze om by in lyts ljochtpuntsje efkes by te kommen. Nei ôfrin noch in gesellige neisit mei in hapke en in drankje yn it doarpshûs.

Opjefte by Fokje 06-33 72 07 53

In hiel protte rin-nocht yn it tsjuster!

Ga naar de bovenkant