2026-10-02T00:00:00+02:00
Laden Evenementen

Optreden Jan en Marijke Arendz 5 Jan en Marijke ha it stik HULDE! oerset en bewurke. HULDE! giet oer Arend en Geartsje. Sy fiere harren 60-jierrich houliksfeest. In prachtich moment om by stil te stean. De bern en bernsbern ha in ABC foar heit en mem en pake en beppe makke. Troch it ABC sjogge wy wat dizze 60 jier Arend en Geartsje brocht hat yn harren libben, sawol hichte- as ek djiptepunten. Alles wat yn sa’n libben mooglik barre kin komt foarby sa as: de earste moeting, de houliksnacht, de rôze wolk, it krijen fan bern, it ferhúzjen, de frije seks, wurkeleasheid, mar ek sykte. It tiidrek wêryn dizze foarstelling spilet leit tusken de jieren 1970 en 2027. In jukebox en de muzyk út dizze tiid spylje dan ek in wichtige rol.
HULDE! is herkenber, ûntroerend en hilarysk tagelyk.
Kaartferkeap à €20,- fia QR-koade. Jo krije dêr gjin befestiging fan, jo namme is by ús bekend. It is ek mooglik in kaartsje by de yngong te keapjen, of troch jild oer te meitsjen op bankrekkennûmmer NL71RABO 0349 5009 32 t.n.v. Stichting De Lytse Fjouwere ûnder fermelding fan HULDE!
17 Desimber 20:00 oere De Lytse Fjouwere Hearedyk 15a Itens
Foar fragen kinne jo telâne by Agatha Flier 06-18489517 of by Irma Rijpstra 06-10180813

Ga naar de bovenkant