It is hast safier! Kommende freed en sneon giet it oan: Wy spylje ‘Bokke’s besonjes’ yn de Lytse Fjouwere!
Alle kaarten binne útferkocht, mar as der noch fragen binne; stjoer dan even in berjocht nei nimitsaitis@hotmail.com
Tongersdei 12 maart hawwe wy de generale repetysje yn it doarpshûs yn Itens en wy soene it moai fine dat wy dan ek wat publyk hawwe! De skoalbern (groep 4/5 oant en mei 8) binne dan fan herte wolkom. Wy begjinne mei it stik om 19.00 oere . De entree is € 1,- foar de bern.
Wy ferwachtsje dat it freed en sneon by de útfieringen drok wurde sil.
As der minsken binne, dy ’t freed of sneon net by de útfiering wêze kinne en it stik wol graach sjen wolle, dan binne dizze op tongersdeitejûn ek tige wolkom by de generale! Tagong is dan €8,- (of mei in tagongskaart fia de foarferkeap)
Oant sjen op 12, 13 of 14 maart yn it doarpshûs de ‘De Lytse Fjouwere’ te Itens!