Freed 21 febrewaris is wer de jierlikse Lies Partij.
Lies Wijnia is yn 2007 ferstoarn en wie dêrfoar trou lid fan ús Kaartklup.
Nei har dea hat har famylje in legaat achterlitten foar dizze jierlikse Lies Partij.
We krije kofje mei gebak en der wurdt kaarten om de wikselbeker, dy’t no yn hannen is fan Hilbrand Drost.
Boppedat binne der noch lekkere prizen te winnen.
Elkenien mei meidwaan. Leden fan de kaartklup ha gratis yntree, net leden betelje €5.
Dus net stinne, der hinne!!