Ek dit jier giet it kolleezje yn jannewaris wer by in tal doarpen del yn gemeente Súdwest-Fryslân. Net in standert nijjierresepsje. Mar ien mei lekker iten, waarmte, muzyk en fjoer. En tiid om inoar te finen en mei-inoar te ferbinen.

Komme jo ek del?

Der is selsmakke snert, stamppot, glühwein, waarme poeiermolke en fansels muzyk. Sjonger en muzykant Johannes Rypma liedt ús it nije jier yn.

Data en lokaasjes

Tiid: op alle lokaasjes fan 17.30 oant 19.00 oere.

  • Moandei 5 jannewaris: Skearnegoutum, Skoalplein Op’e Hichte (efterside Swettehûs)
  • Tiisdei 6 jannewaris: Eksmoarre, doarpsplein by Leugenbank
  • Woansdei 7 jannewaris: Warns, parkearterrein Himmelumerdyk
  • Tongersdei 8 jannewaris: Blauhûs, pleintsje Vitusdyk (foar Bakkerij Popma)

By min waar is der in binnenlokaasje regele.

Wy winskje jo noflike krystdagen en in foarspoedich 2026!
It gemeentebestjoer fan Súdwest-Fryslân