Nei in tige slagge Toskaanse jûn, stiet der op freed 15 novimber al wer in folgjend Iepen Kafee op it programma.
Om’t it yn hiel Fryslân de Ferhalenjûn is mei as tema “Als stenen konden praten”, wolle wy hjir graach by oanslúte.
We ha Nel de Boer ree fûn om ús dan wat anekdoates te fertellen oer ús doarpshûs ” de Lytse Fjouwere”. Fierder litte we ús ferrasse, wa wit komme der noch mear ferhalenfertellers by!

De doar giet om 15.00 oere iepen foar in potsje biljerten, kaarten ensfh. Ek foar in bakje of drankje binne jim wolkom, de freedtemiddeiborrel.
Sa rûn 18.00 kin der in kopke sop mei stokbôle iten wurde en ek wat snacks út de frituerpanne .Jim hoege jim hjirfoar net op te jaan.

Fanôf 19.30 oere is eltsenien wolkom foar de “Ferhalenjûn. Hâld de website yn’e gaten foar neiere ynformaasje.
Wolle jim earder mear witte, dat kin by Immie Kamstra of Agatha Flier.

Graach oant sjen op 15 novimber!