Nei de tige slagge en gesellige krystdiners en it fleurich roze Valentijns iten, sjogge we dit seizoen noch ien kear út nei in diner foar 60+ers en wol op sneon 5 april. De kosten binne €10,00 en jim binne wolkom fanôf 16.30 oere.
Wol graach opjaan foar 1 april ( gjin grap) by delytsefjouwere@gmail.com of agathakflier@gmail.com . Belje/ appe kin ek nei 0618489517 of trochjaan oan ien fan it team Iepen Kafee.
Graach oant sjen yn “de Lytse Fjouwere”.
Team fan it Iepen Kafee,
Fred, Marja, Sippy, Trees, Fokje, Immie, Bouwe Jan en Agatha