Wolkom op 14 en/of 21 desimber by de Krystdiners yn “de Lytse Fjouwere”.
Fred sil der wer foar soargje dat der wat lekkers op’e tafel komme sil.
14 Desimber: Krystdiner foar de 60 plussers, de kosten binne €10,00
Uterlik foar 10 desimber opjaan.
21 Desimber: Krystdiner foar elkenien, de kosten binne €15,00 foar folwoeksenen en €7,50 foar bern fan de basisskoalle.
Uterlik foar 17 desimber opjaan.
Dit kin foar beide fia de mail: delytsefjouwere@gmail.com , belje/appe nei Agatha Flier 0618489517 of persoanlik by ien fan ús.
Graach derby fermelde of jim bepaalde dieetwinsken ha.
Wy ha der sin oan om jim dêr te treffen en der sa meielkoar wat gesellichs fan te meitsjen ûnder it genot fan in drankje en in hearlik miel iten!
Team fan it Iepen Kafee: Fred, Marja, Bouwe-Jan, Fokje, Immie, Trees, Sippy en Agatha