It is alwer febrewaris en dêrom tiid om jimme wat op te waarmjen foar ús toanielstik fan dit jier! Wy spylje op 13 en 14 maart ‘Bokke’s besonjes’ yn de Lytse Fjouwere yn Itens.
It stik spilet om ôf yn it dekôr fan it jier 1586, as Fryslân beset is troch de Spanjaarden. Yn Boksum eksploitearje Bokke en syn frou Akke herberch ‘It Lêste Swolchje’. Harren klanten binne sawol oanhingers as tsjinstanners fan de Spanjaarden. En dat leveret frjemde situaasjes op…
Bokke’s besonjes’ is in ‘doldwaze’ komeedzje fol ferwikselingen en foarfallen, wêr ’t fan alles in bart en mei in ferrassend slot.
Ynkoarten komme wy del by ús ‘donateurs’ mei kaarten. ( €16,- foar 2 stiks) Donateur wurde? Dat kin! stjoer in berjocht nei nimitsaitis@hotmail.com
