De pipernuten binne hast op!!

 It wie sneon 22-11 echt sinteklazewaar op de Skippersbuorren. It korps spile om de sint en piten wolkom te hjitten yn Easterein en dit jier wachte ek oan-elkoarprater Jan harren op. Wat soe der gebeure? Soe it goed gean, want earlik is earlik der is elts jier wol wat.

Se kamen lokkich oan mei de boat mar der miste in pyt! Bakpyt (panyk) wie te let omdat der problemen wiene mei de pipernutmasine. Dat moast fansels oplost wurden want in sinteklaasfeest sûnder pipernuten kin net.

De pipernutmasine wurket allinne as der in koade ynfolt wurd. De koade koe foen wurde troch it meitsjen fan in puzel mar dan moasten earst de puzelstikjes opsocht wurden, der koene de bern moai by helpe. It earste stikje hong boppe oan de skoarstien by kafee Bergsma. In hiel oheden om dit stikje te pakken mar it slagge de piten. Binnen leine noch trije stikjes en doe koe de puzel mei help fan de bern makke wurde. De koade waard yntoetst en it slagge! Der kamen sels kleurde pipernuten út!

Dernei koene de bern dûnsje mei de piten en wie it samar wer tiid om ôfskied te nimmen mar net foar lang want doe it tsjuster waard ha Sint en de piten noch by de bern lâns west mei in kadootsje en fansels pipernuten! Der wie ek noch tiid om in oantal gruttere bern te ferrassen, it koe net op, wat in wille.

Dag Sinteklaas oant takom jier!

 Eltsenien dy meiholpen hat of in donaasje dien hat: tige tank.

De Sinteklaaskommisje
Akke Rixt, Annica, Frida, Tryntsje en Yvonne