WOMMELS – SV Friesland hâldt op sneon 11 oktober de jierlikse Slachterin. De rin wurdt dit jier rom in moanne earder hâlden as oare jierren. De loop wurdt sûnt 2002 holden en dit jier is it wer mooglik om in heale maraton te rinnen, of 5 of 10 kilometer.
De start fan alle ôfstannen is om 11.00 oere bij de Freuleleane en giet foar it grutste part oer de histoaryske Slachte. De rûtes geane fierhinne oer ferkearsearme diken en wurdt oanjûn mei pylken. Op drokke krúspunten steane frijwilligers en op 5, 10 en 15 kilometer binne der fersoargingsposten.
De Slachterin is in moaie tocht om in lange doerloop te meitsjen foar de Berenloop op Skylge.
Yn de omjouwing fan It Dielshûs is foldwaande parkeargelegenheid en yn de kantine fan de Tennisklup kin dûst wurde. By de finish stean waarme bûljon, tee en fruit klear.
Foarynskriuwing foar de loop is mooglik oer de webside fan SV Friesland. Neiynskriuwing kin noch oant in kertier foar de start by It Dielshûs. By foarynskriuwing kostet it € 5,- en by neiynskriuwing € 7,-.