Wat hawwe wy in prachtich doarpsfeest hân! Mei de doarpen Lytsewierrum, Rien, Itens en Hinnaard hawwe wy genoaten fan moai waar, entûsjaste dielnimmers en in geweldige sfear. Fan jong oant âld die elkenien mei – mei ynset, wille en mienskip.
Wy as organisaasje hawwe dit feest mei in soad nocht en wille organisearre, mar sûnder jim – de dielnimmers, frijwilligers en taskôgers – is sa’n feest net mooglik. Mei-inoar meitsje wy it ferskil!
Tige tank oan elkenien dy’t in bydrage levere hat oan dit prachtige feest.
Fred, Jan,Iris, Ron, Elisabeth en Rein