Sinteklaas komt deroan! Set it mar grut yn de aginda, want op:

sneon 22 novimber om 13.30 oere

is it safier: Sinteklaas en syn piten komme oan yn Easterein! De lokaasje is noch net bekind mar sadra dat bekind is litte we jim dat witte.
De pjutten en bern oant e/m groep 5 binne dernei wolkom yn Kafé Bergsma om in feestje te fieren mei Sinteklaas & de piten.

Sinteklaas syn postbus komt wer by Kafé Bergsma te hingjen. De bêrn krije in kleurplaat op skoalle. Wa de kleurplaat foar woansdei 19 novimber yn de postbus docht, kin sneon 22 novimber tusken  ± 17:30-19:30 oere in kadootsje fan’e piten en/of Sinteklaas ferwachtsje!

Yn stee fan by de doarren lâns te kommen mei spekulaasbrokken wolle wy jimme freegje in lytse bydrage te jaan foar it Sinteklaasfeest. Dit kin fia: NL70 RABO 0349 5017 26 t.n.v. Dorpsbelang Hald Faesje. Of scan ûndersteane QR kode. Alfêst tige by tige!

De Sinteklaaskommisje