Yes! Sinteklaas en syn piten komme ek dit jier wer yn Easterein!

Wannear? Sneontemiddei 23 novimber

Tiid? 13:00 oere
Wêr? Op it skoalplein!

De pjutten en bêrn oant e/m groep 5 binne wolkom yn Kafé Bergsma om in feestje te fieren mei Sinteklaas & de Piten.

Sinteklaas syn postbus komt wer by Kafé Bergsma te hingjen. De bêrn krije in kleurplaat op skoalle. Wa de kleurplaat foar woansdei 20 novimber yn Sinteklaas syn postbus docht, kin sneon 23 novimber tusken  ± 17:30-19:30 oere in kadootsje fan’e piten en/of Sinteklaas ferwachtsje!

Ynstee wy by de doarren lâns komme mei speculaasbrokken wolle wy jimme freegje in lytse bydrage te jaan foar it sinteklaasfeest. Dit kin fia: NL70 RABO 0349 5017 26 t.n.v. Dorpsbelang Hald Faesje.
Of scan ûndersteane QR code.

Tige by tige!