Sneon 24-10-2026 organisearet Iepen Kafee” Nacht fan de Nacht “…

Op sneon 24 oktober fan 20.00 oere ôf yn Itens fanút it doarpshûs.

Ferline jier in grut sukses, allinne der giet it net om, it giet om te genietsjen fan de stilte fan de nacht.

Wa wit noch wat echt tsjuster is?  Yn ús lân wurde stêden, diken en in protte gebouwen ferljochte as de sinne ûnder is. Al dat ljocht jout miskien in gefoel fan feiligens, mar hat ek in oare kant: ljochtfersmoarging en enerzjy-ferspilling.

Minsken  en bisten hawwe it tsjuster nedich om út te rêsten en nije enerzjy op te dwaan.
Iepen Café organisearet dit jier foar de twadde kear de Nacht fan de Nacht.

Op dizze jûn, rinne wy troch de greiden om it doarp Itens hinne mei it motto:
‘Ljocht út, sintugen oan’. Yn it tsjuster sykje wy ús paad en lústerje nei de lûden fan de nacht.
Hoe spannend is de natuer as it echt tsjuster is? Wat hearst? Wat risselt dêr? Wat fleach dêr fuort?
Wurdt it grizelich of wurde wy betovere?
Bysûnder wurdt it yn elk gefal! Ek hoopje wy de stjerren te sjen.

Wy rinne as groep mei elkoar, brûk  gjin ljochtsje.
Dêr’t it nedich is, sille de froulju fan Iepen Kafee jimme by-skine.
Wy hoopje dat jimme allegearre goede skoan of learzens oan ha.
De tocht duorret sa’n twa oeren. Ungefear 5 km.
Underweis hâlde wy in  rêstpauze om by in  ljochtpuntsje efkes by te kommen.
Nei ôfrin noch in gesellige neisit mei in lekker  hapke fan Fred yn it doarpshûs.

Opjefte:  app  Fokje 06-33 72 07 53 of mail fokjealtenburg@gmail.com

Oant sjen op 24 oktober?

Groetnis team Iepen kafee